Martsje Tekst

In goed ferhaal

Myn wurk / mijn werk

Yn de ôfrûne jierren ha ik as oersetter ferskate bysûndere boeken oersetten of yn hjoeddeisk Frysk omsette mocht. Jim sjogge in tal dêrfan hjirûnder.

Ik wurkje foar ferskate útjouwerijen as redakteur en korrektor, skriuw artikels foar it literêr kultureel opinyblêd De Moanne en alle fjirtjin dagen in column yn de kultuerbylage fan de Leeuwarder Courant. Ien kear yn de fjouwer wike besprek ik Fryske literatuer by Omrop Fryslân, op sneontemoarn tusken healwei tsienen en tsien oere.

Foar útjouwerij PENN.nl ha ik wurke as einredakteur fan de Skûtsjekrante, it IFKS-magazine en de website www.skûtsje.nl, it kwartaalblêd Fryslân Markant en de jierlikse útjefte Waardig Afscheid. 

Foar dizze útjouwerij ha ik ek ferskate boeken mei makke, lykas 'Friesland Sportief', 'Het Veenparadijs' en 'Van Schroot naar Vloot', om mar ris in pear te neamen.

Earder wie ik as freelance skriuwer ûnder mear ferbûn oan  'Het Friesch Dagblad', 'Friesland Post', 'Riolering Nederland', 'Paard en Sport' en 'Wis In'. 



De Goargels fan Jochem Myjer heart by de bêst ferkeapjende berneboeken fan Nederlân en ferskynde yn novimber 2021 yn it Frysk by útjouwer Bornmeer. 

In spannend aventoer oer Melle, in jonkje mei supereagen. Syn eagen binne sels sa goed dat er Goargels sjen kin, en Brutelers. Dat kin eins net in mins. Behalve de Krolman. Mar deroer prate kin net, want net ien kin soks leauwe. Goargels binne hiel lytse wêzentsjes dy't nachts op dy passe en dy beskermje tsjin Brutelers. En wat dat binne? Lês sels mar!

Hero, it oangripende oarlochsferhaal fan it Joadske jonkje Izaäk út Amsterdam dat fier fan syn famylje ûnderdûke moat by in boer yn Noardeast Fryslân. Op 'e pleats is ek de Fryske hynst Hero, dy't de Dútsers graach ha wolle. De jonge en de hynst, se hawwe in mienskiplike fijân. Mar slagget it harren om út hannen fan de besetter te bliuwen? In ferhaal fan de Kanadeeske mei Fryske roots Martha Attema oer freonskip en fertriet dat basearre is op wierbarde feiten. Is yn novimber 2021 ferskynd by de Afûk, de earste druk wie by foarbaat al útferkocht.


It Frysk Bakboek. Dat is nochris oare koek. Krekt foar de feestmoanne ferskynd yn novimber 2021 by Bornmeer: in boek fol mei tradysjonele Fryske lekkernijen, troch Henny en Betty Feenstra sa helder yn resepten beskreaun dat it foar elk te dwaan wêze moat. Oranjekoeke, hazzenútskúmtaart, sûkerbôle, boarstplaat, keallepoat, it is tefolle om op te neamen. Mei in koarte histoarje fan it Fryske bakkerwêzen, útlis by de yngrediïnten en hannelingen en skitterjende foto's derby is it in sieraad yn de keuken. 


Pippi Langkous. Wa is der net grut mei wurden. It stoerste en sterkste famke fan de hiele wrâld. Yn 2020 wie it 75 jier lyn dat Astrid Lindgren foar it earst in boek oer Pippi útbrocht by Rabén en Sjögren yn Stockholm. No, 75 letter, praat Pippi einliks ek Frysk. It boek is op 11 novimber 2020 ferskynd by de Afûk en befettet de trije dielen Pippi Langkous, Pippi giet oan board, en Pippi yn Taka-Tukalân. De twadde druk kaam al op 15 desimber 2020.

Utferkocht


'Leafde yn Ljouwert' is de earste Bouquet dy't ea yn it Frysk ferskynd is. In collector's item, mei mooglik makke troch Harlequin/Harper Collins en útjûn by Regaad. It ferhaal waard skreaun troch Fleur van Ingen, de iennige Nederlânske auteur dy't foar Bouquet skriuwe mei. Hoewol't der krityk wie op it 'te ienfâldige' Frysk, wie de folsleine oplage fan 2500 eksimplaren, ferskynd op 14 april 2020, binnen trije wike útferkocht.


'Karlsson fan it dak' fan Astrid Lindgren is ferskynd by útjouwerij Afûk op 23 oktober 2019.

Orizjineel yn it Sweeds, ferskynd yn 1968.

Yn desimber 2019 spile Tryater de teäterfoarstelling 'Karlsson fan it dak' yn de Harmonie yn Ljouwert.

Karlsson waard troch de gemeente Noard-East Fryslân útdield oan alle bern fan groep 5 yn de hiele gemeente. Dit yn it ramt fan it projekt 'Jou in bern in boek', dat mei stipe wurdt troch Biblioteek FryslYan


Myn earste grutte wurk wie 'De GFR', de Fryske oersetting fan 'The Big Friendly Giant' fan Roald Dahl, yn it Nederlânsk fansels tige bekend ûnder de titel 'De GVR'. De GFR is opnommen yn de IBBY-list of honour 2018

De GFR is yn septimber 2016 útjûn by Regaad, de yllustraasjes binne fan Hilda Groenesteyn, de foarmjouwing fan Peter Boersma. 

De twadde druk is yn 2017 ferskynd.

Op 6 novimber 2018 ferskynde by Uitgeverij De Fontein It Libben fan in Labbekak, de Fryske oersetting fan Jeff Kinney syn tige bestseller Diary of a Wimpy Kid, ofwol: Het Leven van een loser. 

De presintaasje fan it boek waard troch de skriuwer sels dien yn it teäter yn Snits. Dêr kamen mar leafst 600 bern op ôf en ek de lanlike media wiene fertsjintwurdige. Yn 2019 stie it boek sels op de list fan de lanlike berneboekesjuery.



Op 14 juny 2018 kaam by Bornmeer 'Beafeart' út. Dizze roman waard yn 1965 skreaun troch Rink van der Velde, mar hat goed fyftich jier letter, pas in werútjefte.

It boek is troch my omset neffens de hjoeddeistige Fryske staveringsrigels.


Yn juny 2017 is by útjouwerij Regaad myn oersetting ferskynd fan 'Ventoux', de bestseller fan Bert Wagendorp. In klassiker oer freonskip dy't troch de jierren hinne swier op 'e proef steld wurdt. 


Boeken dêr't ik redaksje oer fiere mocht of dêr't ik de korreksje fan die /  een greep uit door mij geredigeerde boeken en/of gecorrigeerde:


  

In boek fan eigen hân: Noch lang net útblaasd

Dit boek ha ik skreaun by it 75-jierrich bestean fan Brassband Looft den Heer fan Bitgummole.

In rynsk yllustrearre boek dat net allinnich in byld jout fan in muzykferiening troch de jierren hinne, mar ek sjen lit hoe't de sosjale ferhâldingen binnen de doarpen Bitgum, Bitgummole en Ingelum yn dy jierren leine.

It boek is yn eigen behear útjûn troch de muzykferiening en ek allinnich fia dizze feriening (www.brassbandlooftdenheer.nl) of fia my te bestellen.