Myn wurk / mijn werk
Yn de ôfrûne jierren ha ik as oersetter ferskate bysûndere boeken oersetten of yn hjoeddeisk Frysk omsette mocht. Jim sjogge in tal dêrfan hjirûnder.
Ik wurkje foar ferskate útjouwerijen as redakteur en korrektor, skriuw kollums foar it digitale literêre tydskrift ensafh.nl. Ien kear yn de fjouwer wike besprek ik Fryske literatuer by Omrop Fryslân, op sneontemoarn tusken healwei tsienen en tsien oere.
No en dan skriuw ik sels in boek (oant no ta altyd non-fiksje), in koart (sterk) ferhaal, of in gedicht.
Yn septimber 2024 ferskynt by Bornmeer 'De Neehoarn' (Das Neinhorn, Marc-Uwe Kling). Oer in bokkige lytse ienhoarn dy't syn nocht hat fan it skattige, leave, swiete en rymjende libben yn it Hertewâld en dus altyd 'Nee!' seit. Hy wurdt freonen mei de Watbear, de Rin-Hinne-hûn en de Wolles-Prinses.
Fet âld! Fryslân
It nijste diel út de geweldige skiednisrige fan Aant Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld bringt de skiednis fan Fryslân yn 20 ferhalen, mei in soad nijsgjirrige feiten en tips. Dizze edysje fan Vet Oud! Ferskynt net allinnich yn it Nederlânsk, mar (fansels) ek yn it Frysk. Fan 18 juny 2024 ôf rûnom te keap!
Hiltje yn Pella, in Friezinne (1805-1898) op syk nei in better libben yn Amearika.
Hiltje Aukes Sipma út Boarnwert emigrearre yn 1847 mei har man en harren seis bern nei Amearika. De hoop op in better libben, yn ekonomysk en religieus opsicht, dreau it pear nei it lân fan de ûnbegrinze mooglikheden. Yn ‘e steat Iowa stichten se, mei achthûndert oare Nederlanners, it stedsje Pella.
Hiltje yn Pella is it Fryske Boekewikegeskink fan novimber 2023 en yn it Nederlânsk skreaun troch Anita Terpstra.
Nei it sukses fan diel 1 fan De Goargels fan Jochem Myjer koe it hast net útbliuwe dat ek diel 2, De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer, by Bornmeer ferskine soe (oktober 2023). In bart net faak dat fan in searje berneboeken mear as ien diel yn it Frysk oerset wurde. Wa wit folget skielk ek noch diel 3! Dizze kear giet Melle mei syn suske Limoni en harren oppasgoargels Bobba en Belia op fakânsje nei de Switserske Alpen. Dêr bedarje se tusken de gefaarlikste Brutelers fan 'e hiele wrâld: de Koarrepûsters. As dat mar goed komt.
Redmond O’Hanlon (1947) is in Britske reisskriuwer yn de alderbêste tradysje. Syn boeken ha oer de hiele wrâld miljoenen lêzen. Foar it earst is syn wurk no yn it Frysk te lêzen, op in wize sa’t noch nea Frysk lêzen wurde koe.
Dit e-book befettet ûnbekende foto’s, brieven, kaarten en objekten út de priveekolleksje fan de skriuwer. Sa komt de lêzer noch tichter op de hûd fan de grandioaze ferteller dy’t Redmond O’Hanlon is. In unike lêserfaring!
De Goargels fan Jochem Myjer ferskynde yn novimber 2021 yn it Frysk by útjouwer Bornmeer. Noch gjin jier letter lei de twadde printinge yn 'e winkels.
In spannend aventoer oer Melle, in jonkje mei supereagen. Syn eagen binne sels sa goed dat er Goargels sjen kin, en Brutelers. Dat kin eins net in mins. Behalve de Krolman. Mar deroer prate kin net, want net ien kin soks leauwe. Goargels binne hiel lytse wêzentsjes dy't nachts op dy passe en dy beskermje tsjin Brutelers. En wat dat binne? Lês sels mar!
Hero, it oangripende oarlochsferhaal fan it Joadske jonkje Izaäk út Amsterdam dat fier fan syn famylje ûnderdûke moat by in boer yn Noardeast Fryslân. Op 'e pleats is ek de Fryske hynst Hero, dy't de Dútsers graach ha wolle. De jonge en de hynst, se hawwe in mienskiplike fijân. Mar slagget it harren om út hannen fan de besetter te bliuwen? In ferhaal fan de Kanadeeske mei Fryske roots Martha Attema oer freonskip en fertriet dat basearre is op wierbarde feiten. Ferskynde yn novimber 2021 by de Afûk, de earste druk wie by foarbaat al útferkocht. Begjin 2023 kaam de tredde printinge.
It Frysk Bakboek. Dat is nochris oare koek. Krekt foar de feestmoanne ferskynd yn novimber 2021 by Bornmeer: in boek fol mei tradysjonele Fryske lekkernijen, troch Henny en Betty Feenstra sa helder yn resepten beskreaun dat it foar elk te dwaan wêze moat. Oranjekoeke, hazzenútskúmtaart, sûkerbôle, boarstplaat, keallepoat, it is tefolle om op te neamen. Mei in koarte histoarje fan it Fryske bakkerwêzen, útlis by de yngrediïnten en hannelingen en skitterjende foto's derby is it in sieraad yn de keuken.
Pippi Langkous. Wa is der net grut mei wurden. It stoerste en sterkste famke fan de hiele wrâld. Yn 2020 wie it 75 jier lyn dat Astrid Lindgren foar it earst in boek oer Pippi útbrocht by Rabén en Sjögren yn Stockholm. No, 75 letter, praat Pippi einliks ek Frysk. It boek is op 11 novimber 2020 ferskynd by de Afûk en befettet de trije dielen Pippi Langkous, Pippi giet oan board, en Pippi yn Taka-Tukalân. De twadde druk kaam al op 15 desimber 2020.
'Leafde yn Ljouwert' is de earste Bouquet dy't ea yn it Frysk ferskynd is. In collector's item, mei mooglik makke troch Harlequin/Harper Collins en útjûn by Regaad. It ferhaal waard skreaun troch Fleur van Ingen, de iennige Nederlânske auteur dy't foar Bouquet skriuwe mei. Hoewol't der krityk wie op it 'te ienfâldige' Frysk, wie de folsleine oplage fan 2500 eksimplaren, ferskynd op 14 april 2020, binnen trije wike útferkocht.
'Karlsson fan it dak' fan Astrid Lindgren is ferskynd by útjouwerij Afûk op 23 oktober 2019.
Orizjineel yn it Sweeds, ferskynd yn 1968.
Yn desimber 2019 spile Tryater de teäterfoarstelling 'Karlsson fan it dak' yn de Harmonie yn Ljouwert.
Karlsson waard troch de gemeente Noard-East Fryslân útdield oan alle bern fan groep 5 yn de hiele gemeente. Dit yn it ramt fan it projekt 'Jou in bern in boek', dat mei stipe wurdt troch Biblioteek FryslYan
Myn earste grutte wurk wie 'De GFR', de Fryske oersetting fan 'The Big Friendly Giant' fan Roald Dahl, yn it Nederlânsk fansels tige bekend ûnder de titel 'De GVR'. De GFR is opnommen yn de IBBY-list of honour 2018
De GFR is yn septimber 2016 útjûn by Regaad, de yllustraasjes binne fan Hilda Groenesteyn, de foarmjouwing fan Peter Boersma.
De twadde druk is yn 2017 ferskynd.
Op 6 novimber 2018 ferskynde by Uitgeverij De Fontein It Libben fan in Labbekak, de Fryske oersetting fan Jeff Kinney syn tige bestseller Diary of a Wimpy Kid, ofwol: Het Leven van een loser.
De presintaasje fan it boek waard troch de skriuwer sels dien yn it teäter yn Snits. Dêr kamen mar leafst 600 bern op ôf en ek de lanlike media wiene fertsjintwurdige. Yn 2019 stie it boek sels op de list fan de lanlike berneboekesjuery.
Op 14 juny 2018 kaam by Bornmeer 'Beafeart' út. Dizze roman waard yn 1965 skreaun troch Rink van der Velde, mar hat goed fyftich jier letter, pas in werútjefte.
It boek is troch my omset neffens de hjoeddeistige Fryske staveringsrigels.
Yn juny 2017 is by útjouwerij Regaad myn oersetting ferskynd fan 'Ventoux', de bestseller fan Bert Wagendorp. In klassiker oer freonskip dy't troch de jierren hinne swier op 'e proef steld wurdt.
Boeken dêr't ik redaksje oer fiere mocht of dêr't ik de korreksje fan die / een greep uit door mij geredigeerde boeken en/of gecorrigeerde:
Pingjum - dorp van Ulefellen en Alde Jonges
De geschiedenis en het heden van het dorp Pingjum, samengebracht met ruim 1000 illustraties in een boek van maar liefst 492 pagina's en 2,3 kilo schoon aan de haak. Over het ontstaan, de Gouden Halsbân, het socialisme, de kerkscheuring, de scholen en verenigingen, de boerderijen, ondernemers, de inwoners en hun dagelijks leven.
Verschenen 7 januari 2023, en inmiddels is ook de tweede druk uitverkocht. Een herdruk komt er niet, het blijft bij 600 stuks.
Noch lang net útblaasd
Dit boek ha ik skreaun by it 75-jierrich bestean fan Brassband Looft den Heer fan Bitgummole.
In rynsk yllustrearre boek dat net allinnich in byld jout fan in muzykferiening troch de jierren hinne, mar ek sjen lit hoe't de sosjale ferhâldingen binnen de doarpen Bitgum, Bitgummole en Ingelum yn dy jierren leine.
It boek is yn eigen behear útjûn troch de muzykferiening en ek allinnich fia dizze feriening (www.brassbandlooftdenheer.nl) of fia my te bestellen.