Nijs
Even byprate
Ik skriuw net hiel faak wat nijs hjir. Ha ik dan neat om hannen? Jawis wol. Ik set oer, ik help mei it realisearjen fan boekedreamen, redigearje, korrizjearje, besprek gauris boeken by Omrop Fryslân en hoopje yn de kommende maitiid en simmer ek wer wat faker sels op it poadium te stean mei eigen en ek oarmans prachtige wurk. Sa bin ik op woansdei 25 febrewaris 2026 wer te gast by Poetklub Århus yn Løves Bog & VinCafé dêr.
Deade Dichters Deklamatoarium
Op snein 14 septimber 2025 mocht ik by it Deade Dichters Deklamatoarium yn de tsjerke fan Weidum wurk foardrage fan Aggie van der Meer. De ferzen fan dit kanon fan de Fryske literatuer, mei har skerpe trochsicht yn lytsminsklik hâlden en dragen en wrâldwide machtstruktueren, binne en bliuwe izersterk en aktueel. It wie my in eare!
Pingjum in de Vuurlinie
Op snein 4 maaie 2025 presintearre ik it boek Pingjum in de Vuurlinie, dat beskriuwt hoe't yn myn bertedoarp Penjum de Twadde Wrâldoarloch belibbe waard. It boek is wilens útferkocht, in twadde druk ferskynt mooglik yn maaie 2026.
Fryske Poëzy Slam 2024
Tongersdei 27 juny wûn ik de Fryske Poëzy Slam 2024 yn in grôtfol kafee De Gouden Liuw yn Tresoar. Yn de finale stie ik tsjin de eardere Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma. It publyk joech roazen oan harren favoryt en dat makket my ekstra grutsk op dizze priis!
'Foarrjocht' (foar Hjoed yn it park, 6-7-2024)
Hjirby in thúsopname fan it gedicht Foarrjocht, dat te sjen wie by it festival Hjoed yn it Park en ek dêrnei noch by guon kulturele barrens yn gemeente Waadhoeke.
Ik fyn it tema 'sosjale ynklúzje, ferskaat en mienskip' eins hiel dreech, want ferskaat en mienskip binne helder, mar sosjale ynklúzje is eins neat oars as in winsk. Ynklúzje bestiet net echt, ast it iene dochst, moatst it oare litte. Troch my spesifyk te freegjen om in Frysktalich gedicht dat ôfdrukt wurdt, slútst dus minsken bûten dy't gjin Frysk lêze kinne. Dat kin wêze om't se de taal net machtich binne, mar ek om't se troch wat foar oarsaak dan ek letterswak of sels analfabeet binne, of fisueel beheind. Wy tinke as minske oer it generaal te maklik. Eins hie ik ek skriuwe kinnen, miskien wol moatten, oer soasjale ûngelikens as gefolch fan earmoede. Fan te min ynkommen wylst alles djoerder wurdt, of as gefolch fan it bestimpele wurden as fraudeur, fan diskriminaasje, fan it plak dêr't dyn widze stie, dyn fermogen om in stúdzje te folgjen of wat dan ek. Wy diskusearje oer plak foar flechtlingen, wylst de diskusje noait giet oer al dy minsken dy't op strjitte libje om't harren libben troch ferskate krisissen yninoar fallen is. Wy prate net oer harren dy't yn psychyske need binne en gjin help krije en yn it isolemint reitsje. Wy swije oer minsken dy't beknypt reitsje yn burokrasy. Wy litte kultuer hearre en sjen op in prachtich fergees tagonklik festival, mar tinke net nei oer it feit dat bygelyks muzyklessen foar minsken mei in lyts ynkommen net mear weilein binne, dat kultuer skylk noch folle djoerder wurdt, dat kultuer en de byhearrende ynhâldlike 'diskusje' dêroer, it praten oer wat keunst mei je docht, op skoalle gjin plak mear hat. Dat dêrmei ek ús fermogen om ferskillende kanten fan in ferhaal te hearren en te sjen net opboud wurdt. Snapst wat ik bedoel? Soasjale ynklúzje is in prachtich wurd, mar de grutte ûngelikens dy't der yn ús maatskippij is, bestiet by de graasje fan ús kapitalistysk grut tinken en dêr wurdt oan foarby gien.
Ik soe sa noch in oere trochskriuwe kinne, de grutte ûngelikens yn de wrâld en dus yn de eigen omjouwing is wat dat my ôfgryslik heech sit.
Hawar, mei dit fers besykje ik it tema fan ûngelikens op in wize oan te snijen dy't tichter by leit, better te behappen is. Jim sjen lit hoe 'lyts' it wêze kin.
Ik mei in gedicht leverje foar it kulturele festival 'Hjoed yn it Park' op 6 july oansteande yn it Sjaerdemapark yn Frjentsjer. Dat betsjut dat jim myn wurk dêr dy dei sjen kinne op in paniel fan 3,5 x 1,75. Der binne de hiele dei ferskate muzikale optredens, mar der binne ek ferskate keunstwurken te bewûnderjen. De tagong is fergees, dat jou jim dêr lekker del en genietsje!
Sjoch foar mear ynformaasje https://hjoedynitpark.nl
Tongersdei 27 juny doch ik mei oan de Fryske Poëzy Slam yn kafee De Gouden Liuw yn Tresoar yn Ljouwert. Tsien Fryske dichters litte dêr harren foardrachtskeunst hearre. Allinnich eigen wurk is tastien. Yn de earste omloop draacht elke dichter in minút as 5 foar. It publyk mei stimme hokker fiif dichters nei de twadde omloop gean. Dan wurdt der per persoan op 'e nij in sa'n 5 minuten foardroegen. Uteinlik bliuwe der twa dichters oer, dy't it yn de finale tsjininoar opnimme. In echte battle dus: 12 minuten lang om en om in gedicht en by foarkar opinoar reagearje en mooglik sels ymprovisearje. It publyk beslist mei it jaan fan roazen wa't de winner wurdt fan 2024! Wês derby, it begjint om 19:30 oere .





